Glês yn lead yn Bûtenpost

© Omrop Fryslân
Yn boek- en kantoarwinkel IJlstra yn Bûtenpost stiet sûnt tiisdei in brânskilderde betinkrút dy't oarlochs-evakuees út Roermond yn 1946 oan de de gemeente Achtkarspelen skonken ha. Oant 1999 wie it rút ûnderdiel fan it gemeentehûs, mar nei in ferbouwing waard it op in souder opslein.
Amateur-histoarikus Jasper Keizer en boekeferkeaper Peperkamp fûnen dat it monumentale geskink in better plakje fertsjinne.