Daalimpex fallyt ferklearre

10 feb 2009 - 22:48

Piet Blankendaal, oprjochter en earder eigner fan Daalimpex Coldstores, is dijp teloarsteld oer it fallisemint fan it bedriuw. Twa jier ferlyn ferkocht hy Daalimpex oan de Yslânske rederij Eimskip.

Daalimpex hat ûnder oare in grutte festiging yn Harns en is tiisdei fallyt ferkleare. Blankendaal beweart dat de Yslanners te grutte ynfestearings dien hawwe. Eimskip hat noch besocht Daalimpex troch te ferkeapjen mar dat slagge net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)