Megastâl moat yn lânskip passe

10 feb 2009 - 22:39

Boeren dy't útwreidzje wolle, moatte al betiid mei de gemeente en de provinsje oer harren plannen prate. It útgongspunt moat dêrby wêze dat sa'n útwreiding goed yn it lânskip past.

Dat stelt ûndersiker Alex Visser yn syn advys oan de provinsje. Visser hat ûndersyk dien nei de ynpassing fan agraryske megabedriuwen en megastâlen yn it lânskip. Saakkundigen ferwachtsje dat sa'n 1700 Fryske lânboubedriuwen de kommende jierren oan skaalfergrutting dwaan kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)