Boete foar bedriging freondin

© Omrop Fryslân
Ald-reedrider Jan_Ykema fan Harns hat in boete fan 400 euro krigen, om´t er syn freondinne mei de dea bedrige hat. De helte is ûnder betingst.
Ykema wie ûnder ynfloed fan drugs, doe´t er syn freondinne bedrige. Sy belle doe mei 112. De persoan oan de telefoan koe de rûzje folgje. De freondinne fan Ykema hat sels gjin oanjefte dien, mar it is in saak wurden, om´t de persoan fan 112 alles heard hat.