Kadastercheck tsjin fraude

10 feb 2009 - 14:26

Acht gemeenten yn Noardwest-Fryslân dogge mei oan it projekt Kadastercheck. Yn dat projekt fan it Regionaal Coördinatiepunt Fraudebestrijding kontrolearje de gemeenten it besit fan saken as wenningen en grûn fan minsken mei in bystânsútkearing.

As by it kadaster bliken docht dat minsken mei in útkearing ferkearde ynformaasje trochjûn hawwe oer harren ûnreplik guod, dan kin dat gefolgen hawwe foar de útkearing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)