20.000 quiltbesikers

10 feb 2009 - 13:01

Yn twa moanne tiid hat de útstalling ´Quilts - Kunst met een Q´ fan it Fries Museum al 20.000 besikers lutsen. Yn tsien sealen yn it Ljouwerter museum is alles te sjen oer de trochstikte tekkens dy´t faak út allegear kleurige lapkes besteane.

Tiisdeitemoarn waard de 20.000 besiker, frou Els_Postmus yn it sintsje set troch museumdirekteur Saskia_Bak. De útstalling is noch oant en mei 29 maart te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)