Fjirde fertochte juwele-oerfal

© Omrop Fryslân
De plysje hat ôfrûne sneon yn Rotterdam in 21-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden, om´t er fertocht wurdt fan belutsenheid by de oerfal op in juwelier oan de Nijstêd.
De juwelier waard tongersdei 5 febrewaris oerfallen. Fuortendaliks nei de oerfal koe al ien fertochte oanhâlden wurde. Letter op de jûn waarden yn Rotterdam noch twa manlju oanhâlden. Wat de krekte rol fan dy fjirde fertochte wie, moat noch ûndersocht wurde.