300 anonime meldings

© Omrop Fryslân
By it meldpunt Meld Misdaad Anoniem fan de plysje Fryslân binne it ôfrûne jier hast 300 meldings binnenkaam. Dat binne der goed 20 mear as yn 2007.
Mei help fan de tips is yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen, binne fernielings oplost en binne minsken oanhâlden dy´t yn it besit wiene fan drugs en wapens. Opfallend wie fierder dat troch in anonime tip de Steatebibel fan de tsjerke fan Damwâld werom fûn waard.