Fúzje rjochtsbystân Ljouwert

© Omrop Fryslân
De Raad voor de Rechtsbijstand yn Ljouwert fusearret mei de fjouwer oare rieden yn Nederlân. Dêrby gean yn Ljouwert trije banen ferlern. Twa minsken binne oerpleatst nei Utert, foar in oar wurdt oare wurk socht.
Ljouwert hâldt wol in loket dêr´t minsken telâne kinne foar fragen. Troch de reorganisaasje moat de service better wurde. It oanfreegjen fan rjochtsbystân moat ek makliker wurde.