Opknapbeurt foar tsjerke

10 feb 2009 - 10:11

De tsjerke fan Teridzert wurdt hielendal opknapt. Der komt sels in nij dak op. De kosten wurde rûsd op 600.000 euro. De restauraasje fan it ryksmonumint út 1550 is mooglik makke troch jild fan it Ryk, meardere fûnsen, de gemeente, de stifting Alde Fryske Tsjerken en it doarp sels.

It wurk moat yn novimber klear wêze en dan wurdt de tsjerke brûkt troch de lokale histoaryske feriening, foar rou- en troutsjinsten en kulturele aktiviteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)