Smelne Yachts Drachten fallyt

09 feb 2009 - 15:26

Jachtbouwer Smelne_Yachts út Drachten is fallyt. 37 minsken komme dêrtroch op ´e dyk te stean. Troch de finansjele krisis wie de oarderportefúlje sa goed as leech. Dêrom hat de bank it kredyt opsein en is it bedriuw fuortendaliks sletten.

De direksje hat yntusken it fallisemint oanfrege, mar hopet op in trochstart. Op de ynternetside fan it bedriuw wurde partijen, dy´t it bedriuw oernimme wolle, oproppen harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)