Keningsbrêge bliuwt brêge

© Omrop Fryslân
De Keningsbrêge by Harns bliuwt sa goed as wis bestean. It is ien fan de besparringsmaatregels by de oanpak fan de N31 by Harns. De kosten fan de nije dyk dwers troch Harns waarden ferline jier rûsd op 188 miljoen euro, mar troch te snijen yn it projekt is dêr al 30 miljoen ôfhelle.
Provinsje en gemeente wolle noch yn maaie dit jier mei in foarkarstrasee foar de dyk nei de minister en dus wurdt der op it stuit alle wiken praat.