Mear promoaasje foar It Amelân

Stichting Promoaasje Amelân hat grutte plannen
De Stichting Amelân Promoasje wreidet de aktiviteiten de kommende jierren flink út. It budzjet sil foar 2009 mei 15% ferhege wurde, benammen om in nije kampanje op te setten yn Noard-Nederlân. Ek sil de sponsoring fan FC Grins trochsetten wurde. Dy ekstra aktiviteiten komme foar in grut part foar rekken fan de ûndernimmers.
Dy moatte yn 2009 mei-inoar 25.000 euro ekstra op it kleed bringe, mar guon fan harren moatte noch wol entûsjast makke wurde foar de plannen.