Kuipers yn wetterskipsbestjoer

09 feb 2009 - 09:31

De 54-jierrige CDA-er Piet Kuipers fan Gerkeskleaster sil yn it bestjoer fan Wetterskip Fryslân it plak ynnimme fan âld-boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân. Van der Zaag is beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Winschoten.

By de wetterskipsferkiezings waard Kuipers passearre troch Van der Zaag yn ferbân mei foarkarstimmen. De ynstallaasje fan Kuipers sil moarn plakfine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)