Wrâldprimeur op Skylge

09 feb 2009 - 08:08

Skylge is aanst it ienige plak op 'e wrâld dêr't minsken leare kinne hoe't je omgean moatte mei in ûngemak, wêrtroch it wetter fersmoarge rekket mei gemyske stoffen.

Bysûnder heechleraar Wierd Koops set hjirfoar in kursus op dy't yn de maaitiid út ein set op de Seefeartskoalle Willem Barentsz. Ek is der in kursus foar it bestriden fan in oaljefersmoarging. Beide binne bedoeld foar minsken dy't soks yn de praktyk tsjinkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)