Flyers-Utrecht 6-5

© Omrop Fryslân
De Hajé Flyers ha sneintejûn foar de twadde kear dit wykein wûn. Tsjin de nûmer lêst Utrecht moast it op it eigen iis fierwei komme. De perioadestannen: 2-1, 3-3 en 1-1. Benammen yn de twadde perioade like it net goed te gean. Utrecht fûn binnen sân minuten trije kear it net. Krekt foar it ferstriken fan dy perioade hiene de Flyers dat rjochsetten.
De Flyers bliuwe sechsde, mar Grins, Geleen en Nijmegen binne wer yn 't sicht.