Sven Kramer wrâldkampioen

08 feb 2009 - 17:54
  • Sven Kramer is foar de 3e kear wrâldkampioen allround

Sven Kramer is snein yn it Noarske Hamar foar de tredde kear op rige wrâldkampioen allround wurden. It is ek syn sechde ynternasjonale allround titel op rige. Hy wûn yn 2007, 2008 en 2009 trije Europeeske- en trije wrâldkampioenskippen. Op de lêste ôfstân, de tsien kilometer, ried Sven in nij baanrekord yn 13.05,21.

Mei syn tredde wrâldtitel op rige komt Sven op likense hichte mei de Noaren Oscar Mathisen en Hjalmar Andersen, Ard Schenk en de Amerikaan Eric Heiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)