Holwerter swaait mei mes

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige man út Holwert is sneontejûn oanholden omdat er minsken bedrige mei in grut mes. Plysjes fan it bike-team hearden ien roppen en razen op de Nijstêd. Dêr seagen se de man út Holwert stean mei in grut mes yn 'e hannen.
Ferfolgens smiet er it mes fuort en naaide út. De plysje koe him arrestearje en fûn noch in mes. In ynwenner fan Ljouwert en in frou út Sint Anne ha oanjefte dien fan bedriging.