Ireen Wüst tred op 1500 meter

08 feb 2009 - 13:19
  • Ireen Wüst

Ireen Wüst fan It Hearrenfean is snein by it wrâldkampioenskip allround yn it Noarske Hamar tredde wurden op de 1500 meter. Wüst klokte in tiid fan 1.56,78.

De Kanadeeske Kristina Groves wûn de 1500 meter yn 1.56,17. Har lângenoate Christine Nesbitt waard twadde. Ireen Wüst stiet no tredde yn it algemien klassemint efter de beide Kanadeeske froulju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)