Keet ferlern gong by brân

08 feb 2009 - 11:23

Oan de Doniaweg yn Burchwert is sneintemoarn betiid in keet ôfbaarnd. Dy waard brûkt troch jongerein as hingplak. Omdat de keet tichtby in pleats stie waarden meardere brânwachtkorpsen oproppen. Uteinlik hoegde allinne it korps fan Wommels yn aksje te kommen.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend, dat jildt ek foar de hichte fan de skea. By de brân rekke nimmen ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)