Brân yn doarpshûs De Hommerts

08 feb 2009 - 10:29
  • Grutte skea troch brân (foto: Alex Zwart)

Doarpshûs Oan it Far yn De Hommerts hat sneontejûn foar inkelde tsientûzenen euro's skea oprûn by in brân. Dy ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak yn ien fan de sealen fan it kompleks. Dy seal is troch de brân flink skansearre en kin foarearst net brûkt wurde. Under oare it meubilêr is folslein fernield.

De skea dy't de rest fan it kompleks oprûn hat is yntusken ferholpen. It doarpshûs kin dêrtroch moandei gewoan iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)