Popov biedt ekskús oan

Goran Popov
Hearrenfeanspiler Goran Popov hat nei de oerwinning op NAC Breda syn ekskús oanbean oan de fans fan Hearrenfean. Popov jout ta ferline wike in flater makke te hawwen.
De Masedoaniër waard doe oanhâlden troch de plysje yn it sintrum fan It Hearrenfean. Popov siet mei tefolle drank op achter it stjoer en ried mei twa lekke bannen tsjin it ferkear yn. De Hearrenfeanspiler seit dat it nea wer barre sil.