Maklike oerwinning Hearrenfean

Viktor Elm
SC Hearrenfean hat sneontejûn yn it eigen Abe Lenstra stadion NAC Breda frij ienfâldich oan de kant setten. NAC miste mar leafst acht potinsjele basisspilers fanwege blessueres.
Hearrenfean kaam yn de 18e minút fia in kopbal fan Goran Popov op foarsprong. Trije minuten letter sette NAC ferdediger Patrick Zwaanswijk beide ploegen wer op likense hichte. Fia Smarason en Elm waard úteinlik de einstân op 3-1 bepaald.