Sven Kramer wint 5000 meter

07 feb 2009 - 17:56

Sven Kramer hat de earste dei fan it wrâldkampioenskip allround yn it Noarske Hamar ôfsluten mei in fantastyske tiid fan 6.09.74 op de 5000 meter. Dêrmei wie er seis sekonden rapper as de nûmer twa, Havard Bøkko.

It is ek in nij wrâldrekord op in leechlânbaan. Kramer is de lieder fan it algemien klassemint. Havard Bøkko stiet op in twadde plak. De Italjaan Enrico Fabris is tredde yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)