Sven Kramer ferbetteret rekord

Sven Kramer ferbetteret eigen rekord (foto: Martin de Jong)
Sven Kramer hat sneon op it wrâldkampioenskip allround yn it Noarske Hamar op de 5000 meter de bêste tiid ea riden op in leechlânbaan.
Kramer kaam oant 6.09,74 en ferbettere dêrmei mei in twahûndertste fan in sekonde syn âlde wrâldrekord út Berlyn yn 2006. Sven Kramer hat ek it wrâldrekord yn hannen. Hy sette op 17 novimber 2007 yn Calgary 6.03,32 op de klok.