ONS spilet 0-0 tsjin WHC

© Omrop Fryslân
De wedstriid ONS-WHC einige lykas er begûn: it bleau 0-0. Beide ploegen wiene de hiele wedstriid oaninoar weage. ONS krige net folle kânsen. Rudy Mann krige foar it skoft in grutte kâns, mar wist net te skoaren.
Yn de twadde helte faalde Klaas Johan Knevelman doe't er each yn each stie mei de doelman fan WHC. It slagge him net om de Snitsers de winst te bringen. ONS hat no sechtjin punten út fjirtjin wedstriden.