CL feekeuring yn Hidaard

De winners mei de beker
Op de pleats fan boer Sybrandy fan Hidaard wurde dit wykein de foarrondes holden fan de Champions League. Net de miljoeneshow fan it fuotbaljen, mar de Champions League feekeuring.
In lytse 30 feekarders moasten sneon fiif kij op in rychje sette fan bêste nei minste. Sân teams striden om de titel fan bêste sjuery fan Fryslân. De winner mei troch nei de lanlike finale. In Europeeske striid, lykas by it fuotbaljen is der noch net, al sjogge de dielnimmers dat wol sitten.