Carlos Fernandes wint NK judo

© Omrop Fryslân
Carlos de Matos Fernandes fan It Hearrenfean is sneon yn Nijmegen Nederlânsk kampioen judo oant 20 jier wurden yn de kategory oant 73 kilogram. Yn de Jan Mankushal wûn de Feanster de finale fan Melvin Schols út Noard-Hollân mei in yuko.
Fierder wie der sulver foar Tjeerd Tjeerdsma (-66 kilo) en Niels Breider (-100 kilo). Robert van der Wal (-81 kilo) en Margriet Bergstra wûnen brûns.