Jouke Hoogeveen wint yn Sweden

© Omrop Fryslân
Jouke Hoogeveen hat sneon de twadde wedstriid fan de Grand Prix searje op 'e Runnmar yn Sweden wûn. De maratonreedrider fan Amsterdam, dy't syn jonge jierren yn Drylts trochbrocht, wie nei 150 km Ruud Aerts en Tristan Loy de baas yn de einsprint.
Nei twa wedstriden hat Martijn Kromkamp fan Wolvegea, de winner fan ôfrûne tongersdei, de lieding yn it klassemint. Kromkamp waard achtste. Ruud Borst fan Sint Nyk stiet twadde yn it klassemint.