Elm spilet mei tsjin NAC

07 feb 2009 - 14:15

SC Hearrenfean moat sneontejûn oantrede tsjin NAC Breda. It is in konfrontaasje tusken de nûmer fiif, Hearrenfean, en de nûmer sân, NAC Breda.

Trainer Trond Sollied kin wer in berop dwaan op oanfaller Viktor Elm. De Sweedske oanfaller is wersteld fan syn blessuere. Ek Roy Beerens en Christian Grindheim binne beskikber. Dat kin net sein wurde fan Mika Väyrynen. De middenfjilder is langere tiid út de rûlaasje fanwege in knibbelblessuere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)