Sint Piter wer yn Grou

07 feb 2009 - 12:45
  • Sint Piter komt oan yn Grou
  • In soad bern wachtsje him op

Sint Piter is wer yn Grou. Sneontemoarn om 10.30 oere is er dêr oankaam. Wat foar de rest fan it lân Sinteklaas is, is Sint Piter foar Grou.

De kommende twa wike giet er tegearre mei syn swarte Pyt by skoallen en âldereinhuzen del. Op 21 febrewaris wurdt de jierdei fan Sint Piter fierd. By de oankomst wie der ek in soad belangstelling fan bûten de provinsje. Sa rûn it sinteklaaskomitee fan Neede mei, mar ek fertsjintwurdigers fan it sinteklaasmuseum yn Swolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)