NDC moat flink besunigje

07 feb 2009 - 12:38
  • Haadredakteur Rimmer Mulder

NDC Mediagroep, de útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante, moat flink besunigje. Neffens direkteur fan NDC, Cees Anceaux, is de ekonomyske krisis de grutste oarsaak fan de besunigings.

Der komt folle minder jild binnen út de advertinsjes en de oplagen rinne ek noch hieltyd werom. Oer it hiele bedriuw moat der 10% besunige wurde en dat sil ek gefolgen ha foar it personiel. Neffens haadredakteur Rimmer Mulder sil der mooglik gearwurke wurde mei oare mediabedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)