Buddy Holly-earbetoan

07 feb 2009 - 12:14

Mear as trijehûndert leafhawwers fan rock and roll-muzyk kamen freedtejûn nei muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert. Der waard in earbetoan hâlden foar sjonger Buddy Holly.

It wie dizze wike presys 50 jier lyn dat de Amerikaanske muzikant en sjonger Buddy Holly om it libben kaam by in fleantúchûngelok. Holly waard mar 22 jier âld, mar wurdt ek troch in soad Fryske muzikanten sjoen as ien fan de grûnlizzers fan de hjoeddeiske popmuzyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)