Gjin parsemomint Stanley Menzo

Trainer Stanley Menzo
FC Emmen-trainer Paul Krabbe krige freedtejûn yn de blessueretiid fan de wedstriid tsjin SC Cambuur in reade kaart fan skiedsrjochter Dick van Egmond. Op dat stuit wie it 2-2. Krabbe soe misledigjende en diskriminearende teksten rjochting minsken fan Cambuur sein ha.
Cambuur-trainer Stanley Menzo woe dêrom nei ôfrin net oanskowe foar it gebrûklike parsemomint. Cambuur ferlear fier yn de ekstra tiid ek noch mei 3-2.