Oliifbeam plante as hint

06 feb 2009 - 16:41

It wykpannel fan de Oranjewyk yn Ljouwert hat in oliifbeam plante oan 'e Emmakade. It giet om in 250 jier âld eksimplaar út Italië. De wykferiening hat in pear jier lyn de striid om de komst fan in opfang fan drugsferslaafden ferlern en wol dat de gemeente wat weromdocht. De buert soe opkreaze wurde moatte.

Oer de opknapplannen is praat yn 'e ried, mar B en W rinne net sa hurd. Sadwaande de beam by wize fan hint. De wethâlder krijt it earste potsje oliven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)