Undúdlikens saak hacker Snits

© Omrop Fryslân
Der is oanfollende ynformaasje nedich yn de saak tsjin in 19-jierrige Snitser dy't fertocht wurdt fan kompjûterkriminaliteit. Dat dy freed bliken yn in proforma-sitting by de rjochtbank fan Rotterdam.
Der binne ûnder oare noch fragen oer de omfang fan it saneamde botnet dat de man opset hat. Dat is in netwurk fan tûzenen kompjûters dat kreake wurde kin en dat de Snitser ferkeapje woe. Sa kinne bygelyks bankgegevens fan eigners stellen wurde.