Minsken fuort by WoonFriesland

06 feb 2009 - 11:32

By wenningkorporaasje WoonFriesland ferdwine 15 oant 20 banen. De korporaasje wol troch effisjinter te wurkjen besparje op de útjeften oan de eigen organisaasje. Neffens de direksje is dat nedich om alle plande ynvestearrings yn wiken en doarpen dwaan te kinnen. It ferdwinen fan de banen hat gjin twongen ûntslaggen ta gefolch.

De banen ferdwine by alle ûnderdielen dat mei 20.000 wenningen de grutste ferhierder yn Fryslân is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)