Soarch bedriuweterrein K'tille
Pleatslik belang fan Koatstertille makket him soargen oer de nije miljeufergunning fan it recyclingbedriuw Van der Galiën op bedriuweterrein Oastkern. De nije fergunning jout de mooglikheid foar oanfier en brekken fan pûn, it oerslaan fan asbestmateriaal en de ferwurking fan ôffalhout.
De ekstra aktiviteiten soene foar mear swier ferkear soargje op de Alde Dyk. Ek binne der soargen oer de aard fan it materiaal dat ferwurke wurde sil.