Utstel plaknamme-ûndersyk

06 feb 2009 - 09:36
  • It bliuwt noch even ûndúdlik oft it Frjentsjer of Franeker wurdt

Der komt noch gjin ûndersyk nei de ynfiering fan Fryske plaknammen yn de gemeente Frjentsjerteradiel. De kosten fan it ûndersyk binne tsientûzen euro. It beslút fan de ried is opfallend, omdat de kommisje wol ynstimd hie mei it ûndersyk fan de Hegeskoalle.

It kolleezje moat no mei in nij foarstel komme, omdat de ried de Fryske plaknammen wol ynfiere wol. Diskusjepunt is noch wol of Frjentsjer en Frjentsjerteradiel ek yn it Frysk op de buorden komme te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)