Fertochten oerfal oanhâlden

De plysje hat trije fertochten fan de oerfal oppakt
De plysje hat trije fertochten oanhâlden foar de oerfal op juwelier Kramer oan de Nijstêd yn Ljouwert. De trije namen sieraden mei en bedrigen de eigner mei in fjoerwapen of wat dêr op like. Ien fan de trije fertochten, in 15-jierrige Rotterdammer fan Antiljaanske komôf, waard by de winkel oanhâlden.
In tsjûge hie de plysje warskôge oer de oerfal. De twa oare fertochten koenen letter oanhâlden wurde yn de trein op stasjon Rotterdam.