Elektrysk farren op Boot

Op de beurs Boot Holland yn it WTC Expo yn Ljouwert is foar it earst in plakje ynromme foar elektrysk farren. Yn in spesjaal paviljoen sil de Stifting Elektrysk Farre Fryslân dizze skjinnere wize fan farren oan de man probearje te bringen.
Sa wolle se fanút de stifting ûnder oaren besykje wat te dwaan oan it imago fan de elektryske boat. Dizze stiet noch altyd bekend as in foarm fan farren mei minder krêft.