TNO: soad ferwûnen op it iis

05 feb 2009 - 21:36

In kwart fan alle minsken dy't yn de ôfrûne froastperioade it iis op gien is, is ferwûne rekke. Dat hat ûndersykburo TNO besifere oan de hân fan in enkête.

Benammen de knibbels en de hollen hiene it swier. By de measte blessueres foel de skea wol ta en koe gewoan trochriden wurde. In lytse 20 persint hie wol medyske help nedich. Ut it ûndersyk docht ek bliken dat minsken in soad feiligensmaatregels nimme om blessueres foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)