Pronkriders ride op Thialf
Pronkriders út hiel Nederlân ha tongersdei op Thialf har keunsten sjen litten. Dêr wie it kampioenskip fan it gewest Fryslân. In belangryk ûnderdiel as je meidwaan wolle oan it NK yn maart.
Jo moatte nammentlik oan fjouwer fan de fiif gewestlike kampioenskippen meidien hawwe. Der diene tongersdei 35 pronkriders mei oan de wedstriid.