Klachten ferkear by skoalle

05 feb 2009 - 14:30

De plysje sil de ferkearssituaasje by de Van Maasdijkskoalle op It Hearrenfean better yn 'e gaten hâlde. Dat antwurdzje boargemaster en wethâlders op fragen fan de VVD yn Hearrenfean.

De partij wiisde it gemeentebestjoer op de klachten dy't der binne oer de ûnfeilige situaasje by de skoalle. Dy wurdt benammen feroarsake troch âlders dy't har bern mei de auto bringe en dan op trottoirs en útritten parkeare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)