Arriva kin fraude net keare

Ferfiersbedriuw Arriva hat gjin inkele mooglikheid om fraude mei de NS-koartingskaart foar te kommen. Dat kostet it bedriuw alle jierren tsientûzenen euro's. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân.
Mei de koartingskaart krije treinreizgers yn de daloeren 40 prosint koarting op har kaartsje. It probleem is dat de kontroleurs gjin apparatuer hawwe om te sjen oft der noch wol betelle wurdt foar de kaart en oft dy dus noch wol jildich is.