Restauraasje tsjerke Teridzert

© Omrop Fryslân
Boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf jout nije wike it startsein foar de restauraasje fan de tsjerke fan Teridzert. Dy wurdt foar hast in heal miljoen euro opknapt. Dat jild komt ûnder oare fan de Rijksdienst voor Archeologie, Cultuurlandschap en Monumenten en fan de gemeente Weststellingwerf.
Nei de restauraasje wurdt de tsjerke ynrjochte as histoarysk sintrum. Ek kinne der tsjinsten en eveneminten hâlden wurde.