Nij belied foar swalkkatten

04 feb 2009 - 22:36

De gemeente Ljouwert komt mei nij belied om de oerlêst fan swalkkatten oan te pakken. Dat bart yn gearwurking mei de biste-ambulânse en biste-opfang De Wissel. De gemeente ropt eigners fan katten op om harren bist te kastrearjen of te steralisearjen.

Ek is it mooglik by de bisten in chip te pleatsen. By fermissing kin de kat wer werom fûn wurde. It tal katten yn Ljouwert nimt alle jierren ta. Boargers kleie faker oer oerlêst fan katten yn túntsjes en plantsoenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)