Ferlies Aris yn minne wedstryd

04 feb 2009 - 22:31

De basketballers fan Aris Friesland hiene woansdeitejûn de njoggende oerwinning yn de kompetysje byskriuwe kinnen at de ploech fyftjin persint better spile hie. No wûn Nijmegen mei 88-83.

Aris hie in protte balferlies en knoffelich spul. Nijmegen, ek net yn topfoarm, like de winst maklik mei te nimmen. Yn it lêste kwart kaam de spanning werom. It waard 81-82, mar yn de lêste oardel minút brutsen nije flaters Aris op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)