List goeie en minne sikehûzen

04 feb 2009 - 22:16

Soarchfersekerder De Friesland lit meikoarten op ynternet sjen wat foar Fryske sikehûzen it goed dogge en hokker te folle flaters meitsje. De soarchfersekerder wol de klanten sa better foarljochtsje. De Friesland docht op 't heden al in proef mei it eigen risiko.

Minsken dy't kieze foar in spesjalisme yn in sikehûs dat goed bekend stiet, hoege minder te beteljen. Troch de webside is it aanst makliker út te finen hokfoar sikehûs foardiel opsmyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)