Earste 3D-films yn bioskoop

© Omrop Fryslân
Bioskoop De Bios op It Hearrenfean draait oer in wike syn earste film mei in revolúsjonêre 3D-projektor. De bioskoop hat fjouwer fan dizze projektoaren kocht. Elk hat in wearde fan 70 tûzen euro. Hjirmei is it de earste bioskoop yn Fryslân dy't oerstapt op dizze nije wize.
Unyk oan 3D is dat besikers in bril op krije. Troch dy bril komme de spesjale effekten fan alle kanten op harren ôf. De earste film dy't yn 3D draaid wurdt is de Disney-film BOLT.